Quantcast
Channel: Taal Archives - de Moanne

Oprop: útnûging skriuwersworkshop

$
0
0

Meikoarten spilet Tryater de foarstelling Under Wetter op de iisbaan fan Wergea. By de
foarstelling wurdt in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar
ynteressearre skriuwers. Do sjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop.
Uteinlik wolle we dyn skreaune tekst hearre litte by in ynteraktive ferhalerûte.

Wat we dogge
Kenst noch it krassende lûd fan Fryske houtsjes? Kinst dy noch heuge dat hiele lange
iispylken oan de daksgoate hongen? Wat is dyn waarmste iisoantinken? By de workshop
fertelt Wessel de Vries, de skriuwer fan it stik, oer it kreative proses fan de teatertekst.
Dêrnei silst mei workshopdosint Sytse Jansma sels op syk nei waarme iisferhalen fan eartiids,
fan no en fan de takomst. Ferkenst de ferskillende tematiken dy’t yn de foarstelling oan bod
komme en ferwurkest dy yn in koart ferhaal.
De resultaten wolle we graach presintearje yn Under Wetter Kuierferhalen, in ynteraktive
kuierrûte dêr’t ferhalen yn te beharkjen binne. In redaksje lêst mei dy mei om dyn tekst sa
goed mooglik útkomme te litten.

Wat foar dy?
Troch dy op te jaan foar dit skriuwaventoer dûkst yn de tematyk fan de foarstelling,
besjochst de foarstelling (try-out) en silst mei in groepke oan de slach om in nijsgjirrich koart
ferhaal te skriuwen. Dus hâldst fan skriuwen en teäter? Fynst it moai om oare skriuwers te
moetsjen? Dan gean we graach mei dy oan de slach.

Oanmelde
De workshop is tongersdeitejûn 7 april yn it gebou fan Tryater. De foarstelling (try-out) is
tongersdeitejûn 12 maaie op de iisbaan fan Wergea. Wês der gau by, want maksimaal 20
skriuwers kinne meidwaan.

Meidwaan? Jou dy dan op foar 1 april troch in mail te stjoeren nei Sytse Jansma
(s.jansma@tryater.nl). Dêrnei krijst mear útlis. Kosten: € 30,00 (ynklusyf foarstelling en
workshop)

Het bericht Oprop: útnûging skriuwersworkshop verscheen eerst op de Moanne.


Dichtersjûn mei marimbamuzyk

$
0
0

Dichters út allerhanne fermiddens sille foardrage op it Boskpoadium yn Obe. De Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma sil optrede en dichter Edwin de Groot fan it Rixt dichterskollektyf. Fan it Bosklab is oanwêzich Jetze de Vries en fan DichterBij Leeuwarden jouwe Afrida Adema, Christa Nicklewicz en Marco Merijn Klute in dichtersfoardracht.

Marimba- en fibrafoanspiler Gerben Jongsma sil sawol besteande muzykstikken as eigen komposysjes hearre litte.
De dichtkeunst wurdt ôfwiksele mei muzyk fan beide bysûndere ynstruminten en nei it skoft sille guon gedichten ek ferrike wurde mei marimbaklanken.

 

 

 

 

Programma
19.30 ynrin mei kofje en tee
20.00 wolkom
20.05 Marco Merijn Klute (2 gedichten)
20.10 Edwin de Groot (2 gedichten)
20.15 Afrida Adema (2 gedichten)
20.20 Optreden Gerben Jongsma (muzyk fan: Debussy (1862 – 1918) – Prelude no. 6: Des pas sur la ‘forêt’ en Abe (1937) – Wind Sketch 

20.35 Christa Niklewicz (2 gedichten)
20.40 Jetze de Vries ( 2 gedichten) Bosklabmakker
20.45 Sigrid Kingma (2 gedichten)
20.50 Skoft
21.05 Marco Merijn (mei marimba begelieding) , Edwin, Afrida (elk 1 gedicht)
21.15 Optreden Gerben Jongsma (muzyk fan: Jongsma (2002) – Maaitiidssketsen (2022) en noch in fibrafoanstik
21.25 Christa en Jetze (elk 1 gedicht)
21.30 Sigrid Kingma, slotgedicht mei begelieding fan Gerben Jongsma
21.35: dien

Het bericht Dichtersjûn mei marimbamuzyk verscheen eerst op de Moanne.

Wat is no it goeie Frysk?

$
0
0

GEART VAN DER MEAR – 

Dy fraach is mij gauris troch myn sweager Germ steld. Germ prate fan hûs út wol Frysk, mar wie net sa ‘foar it Frysk’, en hij hie wolris wat de gek mei minsken lykas mij. Om mij en myn frou wat goedmoedich te narjen sei er faak mei wat al te folle klam Skylge, en dat wylst hij en wij fansels goed wisten dat de gewoane Friezen almeast de namme Terskelling foar dat skoandere eilân brûkten (hij hierde geregeld in húske dêr). Syn frou sei dan altyd ‘ê ju, seist oars altyd fan Terskelling’. Sa giet dat mei de nammen fan Fryske plakken dy’t op skoalle leard wurde. Sa soe ik bijgelyks net al dy minsken de kost jaan wolle dy’t Harlingen sizze yn pleats fan Harns.

Mar goed, it giet mij hjir oer hoe’t boppesteande fraach steld wurdt, mei dat wurdsje itit goeie Frysk. Minsken dy’t gjin taal studeard hawwe gean der almeast fanút dat der soks bestiet as ‘it’ Dúts, ‘it’ Ingels en ‘it’ Nederlâns. En dus ‘it’ Frysk. It idee skynt te wêzen dat der in fêststeande noarm is, in standert, en dat der yn it gefal fan fariaasje fan it ‘goede’ ôfwykt wurdt. Fierders lykje in soad minsken te tinken dat ôfwikingen fan de standert delkomme op in soarte fan korrupsje fan dy oarspronklike suvere standert. De standert bestie earst yn al syn suverheid, en dialektfoarmen binne ôfwikingen, korrupsje fan dy suvere begjinfoarm fan ‘de’ taal, bijgelyks ‘it’ Frysk.

Dat de minsken soks tinke is fansels ek net sa nuver, as we betinke dat yn it skriftlik gebrûk fan de lêste iuwen talen as it Nederlâns en Ingels frij strak kodeard binne. Mar it sit fansels krektoarsom. De moderne grutte standerttalen binne in keunstmjittich produkt dat oer de iuwen hinne gearstald is út wat men neame kin ien of twa oanleverjende dialekten. Om 1500 hinne bestie ‘it’ Nederlâns noch net. It ûntstean fan sa’n min of mear fêstleine standert hat gauris te meitsjen mei wa’t de belangrykste sprekkers fan hokker dialekt wienen en wêr’t se wennen. Foar it Nederlâns moat dat it westen fan it lân west hawwe, mei noch (seit men) in net ûnbelangrike ynbring fan de nei de fal fan Antwerpen (1585) nei ús lân útwykte Flamingen.

Dan it Frysk. Hat dat wol in standert? Yn de sprektaal suver net – fierwei de measte Friezen binne net echt goed bekend mei de yn de wurdboeken fêstleine ûnderstelde standert, en se prate dat seker net. Mar se ha faak wol it idee, as men út twa of mear ferskillende foarmen kieze kin, bijg. hiel of heel, onder of ûnder, dat der dan wat net doocht, en dat ien fan de twa ‘fout’ is en net ‘echt’ Frysk: in gefolch útsoarte fan de ûnderstelling fan it bestean fan in ding as ‘it’ Frysk. En dy standert, tinke se, is fêstlein yn ‘it’ wurdboek – al wer dat ‘it’, krekt as is ‘it’ wurdboek ek in fêstlein ûnferoarlik ús fan boppen oplein gegeven.

En sa kom ik dêr’t ik wêze wol: ‘it’ Frysk yn ‘it’ wurdboek. Wa’t wolris yn it Frysk Hânwurdboek (2008, FH)) omsneupt hat, hat miskien wol ûntdutsen dat der wol in standert liket te wêzen, mar ek dat der alternativen jûn wurde nêst de haadyngongen (‘haadyngongen’ binne de wurden sa’t jo dy opsykje), de ‘foarkarsfoarmen’. Sa is diel de haadyngong en deel in njonkenyngong, dy’t jo mei in pylkje trochferwiist nei diel. Yn in wurdboek fan bijg. it Nederlâns soe yn sokke gefallen almeast de tafoeging ‘gewestelijk’ brûkt wurde, mei de suggestje dat de standert oeral jildt, en dat de njonkenyngong fan in leger nivo is, minder status hat, en wol dy fan in dialekt. Yn it Frysk, dat neffens it foaropwurd fan it FH noch gjin ‘útkristallisearre’ standert hat, leit dat justjes oars. Dat ferskynsel docht fansels it idee fan ‘it’ Frysk al wat ûnderstek. It nijsgjirrige is dat soks ek noch feroarje kin. Wa’t it wurdboek fan Waling Dykstra (WD) ken (1900-1911) wit dat on- (yn wurden as onbekend) en onder bij him de foarkarsfoarmen binne, en dat ûn- en ûnder pas op it twadde plak steane, gjin haadyngongen binne dus. Itselde jildt foar hiel en diel, want heel en deel binne de haadyngongen, dus de foarkarsfoarmen yn WD. Dat is hjoed-de-dei presys oarsom. Foarmen as deel en onder wurde no faak oanfjild as minder ‘echt’ of minder goed Frysk. Oer hoe’t dat sa kommen is, wol ik it hjir net echt hawwe. Mar dat hat grif in protte te meitsjen mei de saneamde ‘distansjearringssucht’: it Frysk is pas ‘echt’ Frysk as it safier as mar kin fan it bedriigjende Hollâns ôfstiet. Mar onder en heel binne wol deeglik goed en suver Frysk, mar dan út in oar dialekt as de standertfoarm. In protte fan de noarmwurden yn de moderne Fryske wurdboeken binne dan ek te ferklearjen mei de oanname fan distansjearringssucht. Dat bijgelyks in wurd as hja foar sij noch altyd safolle brûkt wurdt hat hjirmei te meitsjen, ek al is dat frijwat in minderheidsfoarm, en is dat sokke skriuwers yn har eigen dialekt faak net eigen. Mar hja liket absolút net op it HollIans. En dêr giet it mar om.

Oare gefallen fan itselde ferskynsel binne bijgelyks wurden as ea/nea, efter, dream, stream, earne/nearne,krêft ensfh. dêr’t neffens mij de sûnder-euvelmoed-pratende Fries suver allinne oait/noait, achter, droom, stroom, ergens/nergens, kracht ensfh. brûkt. Om noch mar te swijen fan berne en berte … Ek folslein ûnnatuerlik yn de sprektaal is eat, dêr’t grif it wurd yts foar yn it plak oan it kommen is. No griist dat yts mijsels oan, want ik brûk it sels fan hûs út noait, en brûk gewoan wat of soms in ding. Alles bijelkoar makket dat it skreaune Frysk frijwa stiif en ûnnatuerlik.

Ik ha sa súntsjesoan tusken 2009 en 2021 alve boeken út de Ingelse wrâldliteratuer yn it Frysk fertaald, en ik bin om dy reden (dat it boekje-Frysk sa stiif en ûnnatuerlik oandocht) njonkelytsen oergongen op wat gewoaner Frysk, foaral mei myn oersetting De Griene Ierde fan de Fryske Amerikaan Frederick Feikema Manfred (2013). Myn earste wapenfeit wie myn oersetting fan John Milton syn masterwurk fan 1674, Paradise Lost, foar hokker wurk mei syn ‘hege’ styl it ea-nea-earne-nearne-efter-Frysk noch goed paste, omdat dat ek in soarte fan ophege styl suggerearde. Mar doe’t ik mij letter ta romanfertalingen sette, begûn dat te knipen. De reden dat it boekje-Frysk sa stiif en ûnnatuerlik oandocht is it feit dat in lyts oantal heechfrekwinte wurden, lykas opsomme yn de foarige alinea, yn har boekje-Fryske foarm yn de sprektaal útstoarn binne, en dat faak al heel lang. Ik fûn it tiid wurden om sa súntsjesoan de gewoane sprektaalwjergaders (oait-noait ensfh.) mar ris te akseptearen, en om fierders te besykjen om foar de rest goede Fryske wurden te brûken, ek de mear literêre, dy’t yn elk gefal net it efter/achter-ferskynsel sjen litte, dêr’t ik mei bedoel dat de offisjele standertfoarm net fan in mooglike sprektaalfoarm ferskilt. Ik ha lykwols wol besocht om dêrbij de stipe te finen yn foaral it ientalich Frysk Hânwurdboek fan 2008 (FH). En fierder as dat sa útkaam haw ik geregeld it 25-delich twatalich Wurdboek fan de Fryske Taal  (WFT) rieplachte.

Fan dat ek digitaal beskikber Frysk Hânwurdboek haw ik, mei tank oan de Fryske Akademy, in lange digitale list fan farianten krije mocht dy’t nêst de haadyngongen fan wat we mar neame sille de standertfoarmen as ‘fariant’ opnommen binne, soms mei in opmerking H (Hollanisme), as sa’t skynt dat hollanisme sa frekwint is dat it troch de redaksje mar bij it Frysk rekkene wurdt. Hjir komme dan dingen oan it ljocht, dy’t in nijsgjirrich ljocht smite op wat ek ‘goed’ Frysk is (al is it dan minder boekje-Frysk). Ik sil dy bijlâns rinne.

  1. IT ACHTERHEAKSEL -EARJE (útsprutsen as -jerje): guon skriuwers hâlde krampachtich fêst oan -earje, wylst -eare as alternatyf ek neamd wurd yn in njonkenyngong -eare. It liket mij ta dat yn de sprektaal -eare fierwei it frekwintst is, op in pear útsûnderingen nei as bijg. prebearje en wurdearje. Sa kin ik mij net goed foarstelle dat de minsken oait sizze fan negearje of parkearje, mei dus -jerje, wylst negeare en parkeare neat mis mei is.
  2. IT ACHTERHEAKSEL -EFTICH: hjir jildt itselde. Ek hjir hâldt men faak krampachtich oan -eftich fêst, wat helendal net hoeft, want -achtich is ek goed. Sterker noch, bij Waling Dykstra fine we bijg. al âldachtich as haadyngong, en net âldeftich.
  3. IT ACHTERHEAKSEL -LEAS. Itselde ferhaal: ek hjir dat krampachtige -leas, yn bijg. achteleas, wylst fansels de normale útgong yn de sprektaal -loas is, sa’t ek hjir WD al wist. Hij jout achteloas en dan pasachteleas. It FH jout -loas as njonkenyngong, as alternative goede Fryske útgong.
  4. DE TIIDWURDEN OP -JE. De list fan de tiidwurden op -je, dêr’t -e ek kin, is heel lang. Sa kin bijg. bûgjeek bûge wêze. Hjir kin men dus gauris op grûn fan it thúslearde Frysk sels kieze. Men kin dus freezje of freze, beevje of beve brûke.
  5. WURDEN MEI ‘BREKKING’ OF NET. Dit is wat in bûnte samling wurden, dêr’t net echt fan sein wurde kin dat de ‘brutsen’ foarm altyd de standertfoarm is, al is dy tendins op grûn fan de distansjearringssucht der wol. Ik neam hjir in pear op: bemuoie/bemoeie, biennen/bienen, fliering/flierring, foarich/foarrich, iennich/ienich, neame/neamme, nuodlik/noedlik, roet/ruot, rustich/roastich, rustkje/roastkje. It falt op dat moeilik net neamd wurdt as fariant fan muoilik, ek al ken ik persoanlik dat lêste wurd net yn dy útspraak. Yn de sin fan ‘lestich te dwaan’ wurdt ek faak leaver dreech skreaun, ek al is moeilik neffens mij yn dy betsjutting heel gewoan. In wat apart gefal is it twatal fiele en spiele: foar beide wurdt oanjûn dat de útspraak ek mei brekking wêze kin, mar allinne foar fielle is in njonkenyngong te finen. De haadyngongneame hat nêst him ek noch neamme. It neideel fan dizze stavering is dat yn bijg. ik fiel/spiel/neam de útspraak dan net te rieden is.
  6. Under dit kopke passe ferskeidene wurden, lykas blik/blyk, by/bij/drip/drup, my/mij, flaach/fleach, genede/genade, hert/hart (!), leagen/leugen, leat/loat, lef/laf, meunster/mûnster, reek/riik, rjocht/rjucht, seagje/saagje, sljocht/sljucht. Opfallend is hjir hart, foar dat klopjend ding yn jo boarst, dat elke boekje-taal-skriuwe-wollende Fries steefêst as hert en net oars skriuwe mient te moatten. De foarmen rjucht en sljucht, bij Waling Dykstra de gongbere foarmen noch, binne om hokker reden dan ek troch de hjoeddeiske wurdboeken ferballe ta de status fan njonkenyngong. De al neamde distansjearringssucht liket mij hjir gjin rol spile te hawwen.
  7. Ek dij, mij, bij en sij skynt in flok op te rêsten, te’n geunste fan de yn de Wâlden mear gongbere foarmen mei -y, ek al is de útspraak mei -ij de meast gongbere. En fansels, in oprjuchte boekje-taal-skriuwer brûkt hja, en net sij.
  8. OARE GEFALLEN FAN FOKAALWIKSEL. Ek al in bûnte samling, bijg.: bochel/buchel, brâne/baarne, bondel/bundel, drôvich/droevich, efter/achter, goes/gâns, kjel/kel, kjimme/kamme, plonderje/plunderje, rôvje/roovje/rove, rôve. Nijsgjirrich is hjir fansels de erkenning fan achter, ek sa’n wurd dêr’t de boekje-frysk-skriuwer skitend benaud foar is. Yn bepaalde foarmen hat ek hjir wer distansjearringssucht fansels in rol spile bij it kiezen fan de haadyngong: bondel, net bundel.
  9. KOART-LANG. In pear foarbylden: dôf/doof, farre/fare/flagge/flage, mes/mês, rok/rôk, skele/skille.
  10. O-U (o-û). Bijgelyks yn: bûnt/bont, flonkerje/flûnkerje, fonk/fûnk, honger/hûnger, hûndert/hondert, jokje/jûkje, klontsje/klûntsje, klomje/klûmje, klomsk/klûmsk, kont/kûnt, krom/krûm, prom/prûm, romte/rûmte. Tsjin de ferwachting yn spilet yn bijg. klontsje, fonk, kont, krom (allegear haadyngongen) de ferwachte distansjearringssucht gjin rol. Wêrom net?
  11. IEL-EEL. Dit is in lyts groepke mei wurden lykas hiel en diel. Dy twa wienen bij Waling Dykstra noch heel en deel. Inkelde oaren binne giel/geel, kiel/keel, en personiel/personeel. It FH is wat ûnkonsekwint bij de ôflate foarmen lykas ferdele, ensfh., dy’t net as fariant opnommen binne, wylst dele dat wol is. Ek yn wurden lykas oardiel(j)e en beoardiel(j)e fine we gjin foarmen mei -ee yn FH. En trouwens, it liket mij ta dat oardele en beoardele, dus sûnder -j- en mei -ee ek likegoed suver Frysk binne.
  12. -SK EN -YSK. As it âldere Hollâns foarhinne -sch hie, dan hat it Frysk dat faak ek: sa bijg. yn minsk, fisk en farsk, en ek sa útsprutsen.  Mar yn it gefal fan de nammen fan talen (Hollânsk, Dútsk, Ingelsk) en inkelde oare wurden (jaloersk,âlderwetsk) hoeft neffens it FH dy -k net útsprutsen te wurden, en dy wurdt dan ek better net te witten yn de sprektaal net útsprutsen, reden wêrom’t ik se ek net mear skriuw, al meitsje ik in útsûndering foar Frysk, dat yn de sprektaal ek gauris de -k Yn elk gefal fyn ik bijg. Amerikaansk, Kanadeesk en Sineesk o sa ‘gekunsteld’ Frysk. Ek yn it achterheaksel -ysk, bijg. logysk, alfabetysk ensfh. hoeve wij fan it FH dy -k net út te sprekken. En ik fermoedzje trouwens dat dy ek yn de sprektaal noait útsprutsen west hat, as we betinke dat dit achterheakse út it Dúts komt, en dat de stavering -ysk (mei -k dus) ûntstien is op grûn fan analogy mei it âldere Hollâns mei syn -sch: mensch/visch <> minsk, fisk  en dus ek logisch<>logysk. As ik gelyk haw, dan is dy -k dus suver in papieren -k. En al dy wurden op -ysk binne fansels fia it Hollâns yn it Frysk bedarre.
  13. WURDEN MEI -YN EN -YNTER. Ik ha dêr yn 2010 al ris oer op de tekst west yn DE MOANNE. It FH seit hjir neat oer, mar yn it gefal fan nammen as Yndia, Yndonesië, Yndianen, en fierder ynternasjonaal, yntolerant liket mij dy foarm mei yn- of ynter- in folslein papieren betinksel. Der is gjin inkelde taalkundige reden om dy út it Latyn ôfkomstige foarheaksels mei in y- út te sprekken, en yn de âldere boarnen waarden dy ek net sa skreaun. Ik meitsje wol in útsûndering foar gefallen as ynformeel  en ynsekt, omdat de n  foar in folgjende f of s weifalt en tagelyk de foarôfgeande fokaal nasaal makket en ek wat langer, alteast yn myn eigen útspraak, sadat de stavering mei yn- mij dan better taliket . Mar goed, dit is wat persoanlik. Yn elk gefal liket mij dat ynter- frijwat sabeare super-Frysk ta. Itselde beswier jildt wurden as yllegaal, ynnovatyf ensfh. – ek sabeare Frysk.
  14. AS LESTE IN STIKMANNICH OARE ‘SJIBBOLETWURDEN‘: dêr bedoel ik mei wurden dy’t it sinjaal ôfjouwe fan ‘pas op en o wee: dit is STANDERTFRYSK! GJINIEN SEIT IT SA MAR IT MOAT SA EN NET OARS. It is mar in lyts hantsjefol: it al neamde efter, ea en nea, earne en nearne, dream en stream, krêft en sêft, en eat. It FH jout as akseptabele njonkenyngongen achter, oait en noait, ergens ennergens, droom, stroom, kracht en sacht. Mar net yts, dat fansels meastal gewoan wat wêze kin:ik moat dy even wat sizze.’ En ek al komt easter- en east– yn Fryske plaknammen faak foar (Easterlittens, Easthim), útsprutsen as -jest(er), we meie fan it FH ek sizze en skriuwe: oast, oasten. Sa seit it folk dat, ek al binne it úteinlik wol hollanismen, dy’t lykwols al in heel skoft yn it Frysk útfanhuze hawwe. Dat hawwe seker ek wurden as geboarte en geboaren. Yn de Rimen en Teltsjes, mei de taal fan sis mar de earste helte fan de 19e iuw, komme berne en berte net foar. It binne hjoed-de-dei super-sabeare echte Standert-Fryske wurden: ek al kinne guon minsken amper ien goede Fryske sin op papier krije, berneen berte sille se perfoarst brûke. En ja, fan it FH meie geboaren en geboarte ek net, fergemy …

It ien nei lêste dat ik hjir neame wol is barre, dêr’t gewoan Frysk gebeure hat. En ek noch finzen, finzenis, ensfh., ek twa fan dy papieren wurden. It FH stiet ek hjir gefangen ensfh. gewoan ta.

En no ta beslút it aldermajesteitlikste boekjewurd: KENING. Ik nim hjir wat oer fan wat ik in pear jier lyn ek al yn DE MOANNE oer kening skreaun hie. Opfallend is dat Waling Dykstra yn syn Friesch Woordenboek (fan 1900-1911) wol de stavering kening jout, mar dêrbij nuver genôch oanjout dat de útspraak ‘keuning’ wêze moat. It Aldfrysk hat kening/kining mar ek al koning (hoe útsprutsen?). Der mei dêrom oannommen wurde dat koaning al heel âlde papieren hat. Yn hoefier’t keuning in fuortsetting is fan Aldfrysk kening/kining is mij net dúdlik. En ek net, wêrom’t keuning it net rêden hat yn it hjoeddeisk sprutsen Frysk, al is it noch wol werom te finen yn de achternamme Keuning. Jan Althuysen (1715-1763), yn syn beriming fan de hûndert psalmen (1755) dêr’t Gysbert Japiks (1603-1666) net oan takommen wie, hat trouwens oeral ek keuning (sj. bgl psalm 145). Mar Gysbert lykwols (bgl. yn syn beriming fan psalm 2) hat kening(en), en ik fermoedzje dat yn de 19e iuw op dy meast ekstreem Frysk oandwaande foarm troch taalpuristen weromgrepen is te’n ûngeunste fan it besteande keuning, dat tefolle nei it Hollâns útskaaid hat, en al helendal te’n ûngeunste fan it ek al lang besteande koaning, dat te dúdlik op it Hollâns like fansels. Sadwaande liket it mij ta dat kening in klearebare Gysbert-Japiksiaans wurd is. Yn hoefier’t kening yn dy syn tiid de ‘natuerlike’ sprektaalfoarm west hat, kin ik net beoardele, want der is noch gjin Midfrysk wurdboek. Ik fermoedzje sadwaande dat der foar 1850 twa foarmen gongber west hawwe, koaning en keuning, dat troch Gysbert ynspirearde puristen yn it skreaune Frysk kening fan stâl helle is, en dat lang om let om hokker reden dan ek, yn it Omgongsfrysk keuning it gat fan de doar wiisd is. It grutte Wurdboek fan de Fryske Taal liket soks te stypjen. Sadwaande is kening moai ‘echt’ sabeare Frysk, en brûk it dan mar, mar besef ek dat neffens it FH koaning ek mei.

Om no op myn sweager Germ werom te kommen: der is mear ‘goed’ Frysk as we ús realiseare, mar dan moatte we wol even sekuer yn de wurdboeken sjen. Skriuwers fan ‘it’ Frysk hawwe sadwaande folle mear frijheid as se beseft hienen. Wij hoeve ús dus folle minder te ‘ferbrekken’ as we tochten. No is dat fansels elk syn eigen frijheid, en wa’t him nofliker fjilt bij de strakke wurdboekstandert, dy moat dêr fansels mei trochgean. Mar der binne grif ek oaren, lykas iksels, dy’t har nofliker fjille bij in wat mear bij har eigen dialekt oanslutende taalfoarm. En der is fansels ek de mooglikheid om no en dan te wikseljen: mocht iksels oait wer in tekst as Paradise Lost oersette, dan soe ik grif mear de besteande strakkere wurdboekstandert brûke, wat it effekt fan in ‘hegere’ styl suggereare kin. Der falt dus wat te kiezen tusken ferskillende Frysken, as ik dat meartal sa brûke mei. Frijheid dus, al komme dan de sprekkers fan it Súdwesthoeks en it Noardoasthoeks der wol wat bekaaid fan ôf: gjin futten en buosse dus.

Biografy
Geart van der Meer (1944) studearde Ingels, Aldfrysk en Aldyslâns yn Grins, wie dêr dosint Ingels oan de universiteit, en ek fiif jier lang dosint Frysk, promovearde op de Fryske ‘brekking’, publisearde twa dichtbondels, stúdzjes oer Douwe Tamminga en Obe Postma, en fertaalde 10 romans út de Ingelse wrâldliteratuer yn it Frysk, nêst de ferneamde poëtise masterwurken fan John Milton It Paradys Ferlern en de Koaning Arthur-ferhalen fan Tennyson.  Tusken 1976 en 1982 wie er redakteur fan it literêre tydskrift Trotwaer.

Het bericht Wat is no it goeie Frysk? verscheen eerst op de Moanne.

Ljouwerter literêre bank ûntbleate

$
0
0

Whoop … there it is. Fotografy: Natalia Balanina

Tongersdei 30 juny hat wethâlder Hein Kuiken mei it publyk de earste literêre bank fan Ljouwert ûntbleate by de Grutte of Jacobijnertsjerke. De literêre bank is in inisjatyf fan de gemeente Ljouwert. Dichter Sytse Jansma hat foar Ljouwert UNESCO City of Literature ynhâld jûn oan de earste literêre bank. Hy hat literatuurprojekt Sprekende stenen fan Over de drempel ferbûn oan de bank. It ûntwerp en de útfiering fan de bank en de ‘sprekkende’ gevelstiennen binne fan keunstner en meubelmakker Ineke van der Blom.

Sytse wurke gear mei fjouwer oare skriuwers: Gemale Bofunda, Remco Kuiper, Nicole van den Berg en Raymond Muller. Sy binne yn petear gien mei minsken dy’t te krijen (hân) hawwe mei iensumens. Ut dizze petearen binne de acht ferhalen makke. Sytse Jansma: “Literatuer kin iensumens sintúchlik meitsje en dus taastber. Mei dit projekt wol ik minsken bewust meitsje fan it tema en de drompel om der oer te praten leger meitsje. Elkenien belibbet op in stuit yn it libben iensumens, om’t iensumens diel útmakket fan de minske, it minske wêzen. Dêrom bin ik bliid dat de bank en de stiennen in plak yn it sintrum fan Ljouwert krigen hawwe, tusken alle minsken.”

De bank is op in online kaart op de webside fan Ljouwert City of Literature ferbûn mei acht gevelstiennen yn it sintrum fan Ljouwert. Dy hawwe de foarm fan in gesicht en binne ek makke troch Ineke van der Blom. Troch de QR-koade op sa’n sprekkende stien te scannen, is in ferhaal oer iensumens te hearen. Nei ôfrin fan de rûte wurdt de harker frege om nei de bank te gean en oare minsken te moetsjen.

Lês mear oer it projekt op de webside fan Ljouwert City of Literature.

Sprekkende stien by Van Der Velde Boeken. Fotografy: Natalia Balanina.

Het bericht Ljouwerter literêre bank ûntbleate verscheen eerst op de Moanne.

Wol of gyn tee derbee?

$
0
0

Presentaatsy Lemster Wurdboek, Kommissaris Brok krijt earste eksimplaar

ARJAN HUT –

Snein, 11 septimber. De sinne skynt fûl boppe de Lemmer en toeristen strune oer de promenade yn it skaad fan foarbydobberjende jachten, as yn de Tsjerke oan it Dok in selskip fan kulturele pommeranten en leafhawwers fan taal en muzyk bymekoar sitte foar de presintaasje fan it Lemster Wurdboek. Skriuwer Joël Hut (27 jier) jout oan net nerveus te wêzen, hy hoecht ommers gjin taspraak te jaan of út it boek foar te dragen. De yn Sint-Nyk berne leksikograaf sit mei syn partner Line foaroan, njonken Fred Veenstra (Boargemaster fan De Fryske Marren) en Kommissaris fan de Kening yn Fryslân Arno Brok. De presintaasje is stylfol ‘sandwiched’ tusken in optreden fan it trio Toanhûs (dat siket om in bettere namme) en in ensemble besteande út klarinet-studinten.

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hâldt in prachtige taspraak, ja, mei wat algemienheden oer it belang fan taal en kultuur yn de provinsje, mar ek persoanlike noaten en anekdoaten dy’t by de oanwêzigen tige yn de smaak falle. Hy fynt it opfallend en posityf, ‘yn dizze tiid fan gender-fluidity‘ dat Hut de namme fan syn freondinne oannommen hat as skriuwersnamme. De kommissaris, de earste dy’t dizze middei yn it Frysk syn ferhaal docht, fertelt oer syn tiid yn de Ljouwerter wyk Schieringen en hoe’t er dêr it Liwwadders learde ûnder de bingo-jûnen. Hy hie ûnderoaren fernommen wat it betsjut as fan immen sein wurd ‘sy speelt de piano’, wat ferlykber is mei it Fryske ‘sy hat in winkeltsje ûnder de skurte’.  De pianiste fan it trio Toanhûs seach al even nuver.

Joël Hut begong op syn 17e yn it Súdwesthoeks Frysk te skriuwen en hat yn de rin fan de jierren in eigen stavering ûntwikkele. Hy skriuwt ‘dören’ ynstee fan ‘doarren’ en ‘skun’ ynstee fan ‘skuon’. Earder brocht er al ferskillende titels út fia syn eigen Súdjouwerij, lykas de dichtbondel Börtersgröt en de novelle Wat oerblûwt. Hy hat ek syn eigen tydskrift yn it Súdwesthoeksk. Tolef briefkes ferskynt twa kear per jier en bestiet út in slúf mei dêryn tolve briefkes mei gedichten en ferhalen. Hut wennet yn Ljouwert en studearret Toegepaste Taalwetenschappen yn Grins. 

It Lemster wurdboek set 2700 wurden oer fan it Lemsters nei it Nederlânsk en oarsom. Der steane ek tekeningen en puzels yn en in útlis oer de útspraak fan it Lemsters klanke-apparaat. It wurdboek is in útjefte fan de stichting Oud Lemmer en te keap by Focus oan de Kortestreek yn de Lemmer foar 8,95 euro. 

Het bericht Wol of gyn tee derbee? verscheen eerst op de Moanne.

Gabrielle & Arjan Bedoele It Net Ferkeard 22-12-22

$
0
0

Harkje nei: Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard

Gabrielle liet A.I. in blackmetal-tekst skriuwe, it risseltaat liket derop! Te goed? En wat bard der as it Mr. Roboto-programma jins redaksjonele taken oernimt? Yn de podcast #NetFerkeard giet it fierder oer de moaiste films fan it jier en Henk Dillerop fertelt oer De Vrienden Van De Bres Live. In weromblik op Nazareth yn de stêd op in kâld Olderock en in optreden fan dichters foar … kollega-dichters yn it smûke Drachtster kafee Marktzicht. Slieker film wol út it Friesch Museum, omdat it dêr net smûk genôch is. Wolle minsken noch wol hingje en neiprate oer in film yn dizze tiid? En wêr kin Slieker hinne? Oh, stiene der mar in pear bioskopen leech yn Ljouwert!

Het bericht Gabrielle & Arjan Bedoele It Net Ferkeard 22-12-22 verscheen eerst op de Moanne.

De Bibel? Ja, mar ek heech tiid foar oare ferhalen

$
0
0

PIER BERGSMA – 

De Stifting âlde Fryske Tsjerken kriget de kommende jierren in soad fraach om leechsteande tsjerken oer te nimmen. Dy sille net mear brûkt wurde foar it wurd fan de Heare, Heare.

Ik kom graach yn Kollumersweach, want dit doarp hat ien fan de moaiste en grutste ‘omrinwinkels’ fan Nederlân. De opbringst fan dy ‘Lichtpuntloods’ wurdt bestege oan harren ‘opheinbuorkerij’, dy’t op kristlike grûnslach ophein- en oare aktiviteiten biedt oan minsken dy’t yn de problemen kamen. Hoewol’t ik sympatisearje mei de doelstellings fan de organisaasje, kom ik hjir yn it foarste plak út eigenbelang. De loads hat in soad boeken. De romans stean kreas alfabetysk op skriuwer en alles is perfekt organisearre. Sa is de ôfdieling klassike grammofoanplaten en cd’s in wûnder fan organisaasje.

Beide seksjes, de boeken en de muzyk, jouwe ynsjoch yn de ferskowingen dy’t plakfûn hawwe yn religieus Nederlân. Wanden dy’t tweintich jier lyn fol stienen mei âlderwetske en ortodokse teologyske literatuer binne ferdwûn. De religy ôfdieling is noch altyd grut, mar no mei oar en moderner lêsfoer. Ik kocht ’Geschiedenis der Gods Openbaring. Het Oude Testament’ van Dr. F.L. Bakker en Dr.J.H. Bavinck. Dat is grif fan in ortodokse dûmny west. It grutste part fan sokke boeken komt by it âld papier telâne. Mei in âld papierpriis fan € 40,- de tûzen kilo levert it net in soad op foar it goede doel.

Nettsjinsteande nije oersettingen, is de Bibel yn ferfal. Yn it ferline waard it boek beskôge as diktearre troch de Heare sels, troch Him ynflústere of troch Him ynspirearre. Tsjintwurdich is der yn ús lân in hieltyd lytser wurdend tal minsken dat der sa oer tinkt. Tsjerken rinne leech. De stifting Alde Fryske Tsjerken wit der alles fan en hat muoite om it tal oer te nimmen tsjerken te beheinen.

Wy sjogge oars nei de ferhalen as eartiids. Taal ferwiist nei konkrete dingen, mar taal ferwiist ek nei dingen dy’t net oan te wizen binne: leafde, freonskip. Minsken libje mei en by ferhalen. Religieuze ferhalen hienen en hawwe in wichtige funksje foar groepsfoarming, identiteit en dissiplinearring. De minske is nei alle gedachten it iennichste sûchdier dat dingen betinke kin dy’t net ta de taastbere realiteit hearre: kabouters, feeën en God, foegje ik ta. De minske is in taaldier.

Dizze opfetting is yn oerienstimming mei moderne teologen dy’t ferkundigje dat alles wat jo oer ‘Boppe’ sizze, fan ûnder komt, mar der binne wrâldwiid in soad minsken dy’t der oars oer tinke. Minsken leauwe de gekste dingen. Sa seagen wy ferline jier op de tentoanstelling ‘In de ban van Ararat’ yn it Drents Museum in stikje hout fan de boat fan Noach, in relikwy yn in listke. Der binne minsken dy’t dit ferhaal letterlik nimme.

In relikwy mei in stikje hout fan de arke fan Noach.

In relikwy mei in stikje hout fan de arke fan Noach

De manlju hearskje oer de froulju 

De Bibel is literatuer en bedoeld om belangen te ferdigenjen. Benammen de belangen fan manlju. Dat begjint al mei it skeppingsferhaal, dat yn sawol yn de Thora as yn de Bibel foarkomt. Eva is makke fan in ribbe fan Adam: ‘Ik sil in help foar him meitsje dy’t by him past.’ Troch Eva wurdt de minske út it paradys ferjage en komt telâne yn in ûnfolsleine, yn in skeinde wrâld. Yn ‘e brieven fan Paulus, yn it Nije Testamint, wurdt froulju advisearre om nei har man te harkjen. Titus 2 fers 5, se soe wêze moatte: ‘… earber, hoeden, goed foar de húshâlding, freonlik en foar har eigen man oer har plak te witen.’ De jongfammesteat fan froulju wurdt heech wurdearre, sjoch de ferearing fan Marije. It binne foarbylden fan de problematyske opfettings dy’t de Bibel hat mei froulju en seksualiteit.

Ik kom werom op dat boek dat ik foar in pear sinten kocht, de ‘Geschiedenis der Gods openbaring’. Dat boek waard yn 1939 útjûn troch de firma Kok yn Kampen. Bakker en Bavinck, beide promovearre teologen, fertelle de Bibel yn har eigen wurden nei. Se lizze út en nimme foto’s op fan it gebiet ‘dêr’t de skiednis plakfûn.’ Foar yn it boek is in swart-wyt foto opnommen fan’ e ‘Dsjebel Musa, in grut graniten massyf, wierskynlik de berch fan wetjouwing.’ Alles wurdt presintearre as wier bard en der stean yllustraasjes yn lykas in tekening fan de ‘tabernakel’, de tinte dêr’t it folk fan Israel fjirtich jier mei troch de woastyn reizge om de Heare te tsjinjen, en der is in kaart opnommen fan de reis dy’t de Israeliten makken fan Egypte nei ‘Het beloofde land’.

Op side 88 kinne se der net mear om hinne: ‘Is het verhaal van Genesis 1 niet in strijd met wat de natuurwetenschap ons leert?’, freegje se harren ôf. Se komme ta dizze konklúzje: ‘Wij kunnen in het algemeen zeggen, dat de feiten der natuurwetenschap niet in strijd kunnen zijn met de Schrift. Doch een fout die dikwijls gemaakt wordt, is dat men bij moeilijkheden die er bestaan, één van de factoren elimineert, dus of de Schrift verwerpt of het feit verdraait. Dit is een zeer onwetenschappelijke methode. Als er geen oplossing te vinden is, laat de man van de wetenschap beide naast elkander staan en eindigt met een ‘non liquet’ (het is niet duidelijk)’. Sa spruts neffens dizze teologen de slange yn it Paradys en grouwélige ferhalen wurde sûnder probleem behannele. Oer de sûndfloed: ‘De menschen vluchten naar hooge plaatsen naar de bergen hooger en hooger, tot zij niet meer verder kunnen, maar het water blijft stijgen.’

It is ûnbegryplik dat der minsken mei sûn (?) ferstân binne dy’t sokke bibelske ferhalen beskermje tsjin wittenskiplike twivel.

Oangeande sokke ferhalen woe en wol men ús wiismeitsje dat wy it net goed begripe, dat it oars bedoeld is, of dat de oersetting ferkeard is. Dit binne de arguminten dy’t ik Delphine Horvilleur brûken hearde yn in fraachpetear foar RFI (Radio France International) as in reaksje op har boek ‘En tenue d’ Ève. Féminin, Pudeur et Judaïsme’ dat yn 2013 útkaam. Se is ien fan der twa froulike rabbinen yn Frankryk. It petear gie oer de posysje fan froulju yn ‘e Thora. As jo ​​​​har hearre, soenen jo tinke dat de Thora in feministysk geskrift is.

Ali Rizvi stelt yn syn ‘The Atheist Muslim. A Path from Faith to Reason’ (2018) itselde probleem fan ‘e sabeare ûnfeilberens fan’ e skriften oan de oarder. ‘It is ferkeard oerset of hat in oare betsjutting.’ De ûnfeilberens fan ‘e Koran mei yn’ e eagen fan ‘e wiere moslim net oantaast wurde. It is in opfetting dy’t de wittenskiplike ûntwikkeling yn ‘e wrâld fan ‘e islam behindere en beheint, sa’t Ruud Koopmans skriuwt yn ‘Het vervallen huis van de islam’ (2019). Gelokkich geane de measte moslims net mear sa fier as kalyf Solimon. Hy seach twa mooglikheden foar skriuwerij: of it is yn oerienstimming mei de Koran, dan is it oerstallich, en as it de Koran tsjinsprekt, dan is it gefaarlik.

Pieter Lastman Het offer van Abraham 1612, foto Rijksmuseum

Pieter Lastman Het offer van Abraham 1612, foto Rijksmuseum

Om in foarbyld te jaan fan in kontroversjeel ferhaal, wol ik it hawwe oer ‘De bining fan Izaäk.’ It is in ferhaal út Genesis 12:3 – 46 wêryn’t Abraham it befel fan God kriget om syn eigen soan Izaäk te offerjen. Der binne meardere ynterpretaasjes fan dit aparte ferhaal, mar it meast foar de hân lizzend is, dat jo jo ûnder alle omstannichheden dellizze moatte by Gods geboaden. Ommers, Abraham wurdt seinge fanwege syn grutte leauwe. Of, om mei it Nije Testamint te sprekken: ‘Men moat mear nei God as nei de minsken harkje.’ (Hannelingen 5 :29). Sa wie de ynterpretaasje fan it ferhaal troch de iuwen hinne.

Gefaarlike ferhalen

Sels yn de Beetstersweach waard nei in lêzing oer dat tema fan in protestantske teolooch net troch him de wichtichste konklúzje lutsen, nammentlik dat wy ús yn West-Europa net mear liede litte troch in godlik befel, mar troch wetten fan minsken. Utsein dielen fan ‘e ortodoksy fan ‘e islam, it kristendom en it joadedom hawwe wy de fertikale dissiplinearring ferlitten, de goaden binne net mear de baas. Ek de swakke ferklearring fan dit ferhaal dat God gjin minske offers freget strookt net mei de Bibel. Sa wurdt Jefta oan syn dwaze ûntrochtochte belofte hâlden om syn dochter te offerjen, en yn Exodus wurde alle earstbernen, sels fan it fee, deade by de úttocht. En dan, de eigen soan fan God moat stjerre: ‘Hy (Jezus) is it dy’t fersoenet foar ús sûnden, en net allinnich foar ús, mar foar de sûnden fan ‘e hiele wrâld.’ (1 Jehannes 2:1,2).

De bining fan Izaäk is in gefaarlik ferhaal. Ommers, de letterlike ynterpretaasje fan hillige teksten is krekt wat guon fûnamentalisten driuwt yn harren misdieden.

It sûchdier minske kin blykber net libje mei de gedachte dat in soad op ús planeet ôfhinget fan needlot en tafal en dat it libben gjin sin of doel hat. De wiere leauwigen binne derfan oertsjûge dat God in doel hat foar dizze ierde. It liet ‘Stil, maar wacht maar alles wordt nieuw, de hemel en de aarde’ sjongt dat der in ivige dei komt sûnder fertriet en dea.

Mei it each op de úttocht fan de tsjerken wurdt dy wissichheid yn ús lân net breed mear dield, útsein yn sekten lyk as de Jehova’s Tsjûgen. Yn har ryk yllustrearre boekje, ‘Wat leert de Bijbel werkelijk’, brûke se bibelsitaten om út te lizzen dat it net folle langer duorje sil dat God grutte feroaringen op ierde ta stân bringt. Sa as: ‘De lamme sil springe as herten, de mûle fan ‘e stomme sil roppe’ Jesaja 35: 6 en ‘Hy (God) sil alle triennen út har eagen feie. D’r sil gjin dea mear wêze, gjin rou, gjin kleizang, gjin pine, want wat earder wie is foarby.’ Iepenbiering 21:4. It is fan wêzentlik belang foar dizze sekteleden om harren te hâlden oan it Bibelske boadskip, dit mei it each op it libben nei de dea. Se skriuwe: ‘Fansels wolle wy net stjerre. Mar as wy besykje ús hjoeddeistige libben te rêden troch Gods wet te brekken, riskearje wy it ivige libben te ferliezen.’

Wêr’t dit efterlike en bernige leauwen ta liede kin, wurdt beskreaun troch Ian Mc.Ewan yn syn ‘The children Act’ út 2014, fjouwer jier letter oangripend ferfilme mei Emma Thompson. De achttjinjierrige Adam Henry stjert om’t er as Jehova’s tsjûge in bloedtransfúzje wegeret.

It takomstige Paradys yn ‘Wat leert de Bijbel echt’ side 35

It takomstige Paradys yn ‘Wat leert de Bijbel echt’ side 35

Spitigernôch is in part fan ‘e minskdom oertsjûge, benammen yn’ e islamityske wrâld, dat de wetten dy’t minsken betocht hawwe, ûnderskikt wêze moatte oan ‘e wetten fan God en har net realisearje dat dy ‘godlike’ wetten sûnder útsûndering fan minsklike komôf binne. Dan binne der by dizze leauwenden ek healwizen dy’t Allah, Jaweh, God helpe wolle, bygelyks troch te besykjen in skriuwer as Salman Rushie dea te stekken.

Nettsjinsteande it paradysferhaal is it noait oars west: wy libje yn in skeinde en ûnfolsleine wrâld en dat sil sa bliuwe. Yn 2000 lansearre de Nederlânske wittenskipper Paul Crutzen in nij geologysk konsept, it Antroposeen. Neffens him is de minske troch technologyske ûntwikkeling in krêft wurden fan geologyske proporsje. Yn it boek Genesis neamt Adam alle bisten en God gebiedt it minskdom om te fermannichfâldigjen. Dat diene en dogge se mei grut entûsjasme.

Yn termen fan evolúsje is de minske in suksesfol sûchdier. De measte sûchdieren witte har oan te passen oan harren omjouwing. De ôfrûne tsientûzen jier hawwe minsken de omjouwing oanpast oan harsels. Wy meie wol sizze, te entûsjast. Wy waarden boeren yn stee fan jager-samlers. Wy krigen eigendom en bouden stêden en doarpen. Om de sosjale struktuer fan ‘e groep te fersterkjen, fûnen wy goaden út. Se hâlde ús yn ‘e gaten, ek as der gjin oaren binne om dat te dwaan.

Underwilens is dat minskdom yn dit Antroposeen in ramp wurden foar de wrâld, te ferlykjen mei in swerm sprinkhoannen dy’t alles opfrette en neat oerlitte foar oare foarmen fan libben. Wy skeine de wrâld. Spitigernôch sil God net yngripe om de ienfâldige reden dat in literêr figuer dat net kin. Wy sille sels ferantwurdlikens nimme moatte foar it libben op ús planeet. Letterlike ynterpretaasjes fan skriften liede ta neat. Krektoarsom. Se binne noch net it begjin fan in oplossing foar de problemen dêr’t wy yn 2023 foar stean.

In nije dissipline

Yn ‘e jierren ’60 ûntstie in nije dissipline yn ‘e literatuerwittenskip, resepsje-estetika. Dizze wittenskip ûndersiket hoe’t in keunstwurk of in tekst ûntfongen wurdt troch de beskôger of lêzer. Neffens dy opfetting hat literatuer gjin ivige wearde. Dat jildt foar in grut part foar de Bibel, dy’t net troch God jûn is of troch Him ynspirearre is, mar út literatuer bestiet, fan A oant Z. Dêrom moat de stúdzje fan teology ûnder algemiene literatuerwittenskip ûnderbrocht wurde.

Religy is foar in soad minsken in driuwende krêft, ek as boarne fan moreel gedrach. Wittenskip kin net sûnder etyk, mar dêrfoar hawwe jo gjin teksten nedich út de Bibel. Krekt oarsom: it is net de religy dy’t de moraal leveret. It is de moraal dy’t religy yn ‘e gaten hâlde moat. Dit giet yn it kristendom hieltyd better. Oare godstsjinsten, lykas de islam en it joadedom, hawwe noch in lange wei te gean. It soe dêr nijsgjirrich wêze om te ûndersykjen hoe en wêrom’t de Bibel it gesach ferlern hat yn ús diel fan ‘e wrâld en om te ûndersykjen hokker leauwigen de Bibel, de Koran of de Thora beskôgje as it ûnfeilbere wurd fan God en wêrom. Ek dat is in útdaging foar literatuer wittenskiplik ûndersyk.

Hoe moat dit fierder ? Is der noch in takomst foar it eartiids sa rike en ynspirearjende kristendom? Us rike midsiuwske katedralen wisten it wol. It giet net allinnich om it wurd, der moat wat te sjen en te belibjen wêze. Yn dy tradysje is hjir en dêr in tsjerke ta timpel wurden fan keunst, literatuer, toaniel, dêr’t filmmakkers, telefyzjemakkers, skriuwers en keunstners útnûge wurde. De teatertsjerke yn Nes is der in moai foarbyld fan. De Stifting Alde Fryske Tsjerken besiket op beskieden skaal mear gebouwen sa’n nije funksje te jaan.

Het bericht De Bibel? Ja, mar ek heech tiid foar oare ferhalen verscheen eerst op de Moanne.

Pauper Party: Dichters op Asgaard 23-8

$
0
0

Pauper fiert feest, Gabrielle Terpstra is slagge oan de Akadeemje foar Popkultuer én it losse kollektyf Pauper Poëzy bestiet 4 jier!

Muzyk, poëzy en in kombinaasje dêrfan. Orizjinele Pauperset mei âlde bekenden en nije Pauperfreonen.

Mei muzyk fan:
Minne Pryster
Methoxy

Dichters:
Erik de Boer
Jaimy Hindriks
Martsje de Jong
Lubbert Jan de Vries
Alwin van der Toorn
Emily Wieland

Om 7 oere trapet Methoxy ôf mei har sfearrike, persoanlike muzyk, en tusken de dichters troch lit Minne Pryster stoere húskeamerrock hearre!

De presintaasje is yn hannen fan Gabrielle Terpstra en Arjan Hut. Tagong fergees. Dit kinst net misse, bliksem!

Wêr is dat, Asgaard? Kunstenaarspark Asgaard, 8923 EJ Leeuwarden, oan de noardkant fan sportpark Kealledykje.

 

Het bericht Pauper Party: Dichters op Asgaard 23-8 verscheen eerst op de Moanne.


Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard: In Nij Seizoen

$
0
0

Wy binne werom! 

En we moasten ek noch in bytsje opsjitte, want nei dizze opname gongen we nei de studio fan de Omrop om mei te wurkjen oan in earbetoan oan ien fan de grutste (en noch libjende) Fryske skriuwers troch ferkate dichters. (sjoch foto). Dus, hurry hurry, gjin tiid om te knippen en te plakken, yn ien kear, live, bam! Ja, ha we noch wat meimakke? We fûnen boeken op strjitte by de Koepeltsjerke yn Ljouwert, wiene dy fan Tsjêbbe Hettinga? Ien fan Josse de Haan en ien fan Josip Brodsky. We ha it oer de grutte fraach aller fragen: Wa wurdt de nije Dichter fan Fryslân!? We ferjitte hast dat der ek noch in nije stêdsdichter fan Ljouwert socht wurdt. Hoe stiet it mei it Literêr Kafee yn oanbou, der komme ferkate gedichten foarby (ien oer Sietske Harkema) en Gabrielle fertelt ús alles oer de magyske Cevennes en se seach in film dy’t gjin grutte yndruk makke. No sa, Fryslân, no sa. 

Sfearbyld út de Omrop Studio. Opnames foar earbetoan Durk van der Ploeg. Foto: GT

 

Het bericht Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard: In Nij Seizoen verscheen eerst op de Moanne.

Poëtysk Frysk en josels doarre te bliuwen

$
0
0

Poëtysk Frysk en poëtysk Ingelsk binne offisjeel oan elkoar keppele by de boekpresintaasje fan keunstner Liza Prins har boek ‘Bitterswiet: ûndersyk nei Tiny Mulder yn wurd en stim’. Boppedat jout it oan dat jo as minsk josels wêze meie en ek jo eigen taal brûke meie. Mulder wie op it mêd fan taal en fan frouljusrjochten in subtile mar krêftige fersetsfrou, lykas sy dat ek yn de Twadde Wrâldoarloch wie.

Foto: Johan Vogelzang. Liza Prins mei har boek.

JOHAN VOGELZANG – It boek oer in ûndersyk nei de Fryske skriuwster, dichter en sjoernaliste Tiny Mulder, yn it Frysk en yn it Ingelsk, is tongersdeitemiddei troch de Amsterdamske keunstner Liza Prins presintearre yn Kunsthuis Syb’s yn Beetstersweach.

It is net tafallich dizze wike ek de Fryske Boekewike, dus it is in moai moment om soks te presintearjen en foar it ljocht te bringen, foar it Frysk en foar de feministische saak. Keunstner Liza Prins bringt de emansipaasje fan it Frysk en de emansipaasje fan de frou subtyl, lykas de yn Beetstersweach berne en yn Jellum stoarne Tiny Mulder (1921-2010) ek subtyl wie yn har ferset tsjin de patriarchale oerhearsking yn de maatskippij en yn de taal.

Prins har yn boekfoarm útkaam ûndersyk hat in soad ynteressante lagen, want it giet net allinnich oer hoe’t Tiny Mulder (1921 – 2010) yn it Frysk skreaun hat, mar ek hoe’t har stim klonk.

Omt Mulder as fersetsfrou aktyf west hat yn de Twadde Wrâldoarloch, tinkt Prins dat Mulder derfoar keazen hat har taalgebrûk net al te polityk te meitsjen. Omt sy sjoen hat wat hurde en grutte politike wurden foar grutte kwealike gefolgen hawwe kinne.

Tiny Mulder. Foto: Jacob van Essen

Prins: ,,Haar werk is weleens beschouwd als kinderlijk, maar dat was het niet. Er zit veel meer in, over hoe ze naar de wereld keek. Ze nam dan een beeld, bijvoorbeeld van een vrouw met oranje paraplu of een figuur uit een Disney- film en gaf dat op zo’n manier weer dat je snapt dat er meer achter zit.”

It boek is troch har yn it Frysk en yn it Ingelsk skreaun, om it Fryske ferhaal fan Tiny Mulder ek yn in gruttere taal te fersprieden. ,,Ik bewonder haar, hoe ze opkwam voor de emancipatie van de Friese taal en ook voor de rol van de vrouw.”

Mulder wie net in ‘Dolle Mina’ sa as froulju fan de twadde feministiske golf doetiids neamd waarden, mar kaam op har eigen wize foar wurkjende froulju op, froulju dy’t bûtendoar wurkjen kombinearje mei it hûshâlden. Har man Jildert Sudema wie sjoernalist by de Ljouwerter krante, sy by it Frysk Deiblêd, dat is op himsels ek al in bysûnder aspekt.

Liza Prins (31) krige yn 2019 in jong talint beurs fan it Mondriaan Fûns. Sy hâld derfan taal te ûndersykjen dy’t brûkt wurdt as ferset. Sa is sy bygelyks ek dwaande mei ûndersyk nei it taalgebrûk yn ‘werkmansliederen’ út ferskate lannen. Tige nijsgjirrich fansels. It Mondriaan Fûns en it Feitsma Fûns hawwe bydroegen en Tresoar hat mei tekst en stimopnames út it argyf ek in soad bydroegen oan Prins har ûndersyk.

Kunsthuis Syb’s yn Beetstersweach. Foto: Johan Vogelzang.

Wa’t wite wol wa’t allegear meiholpen hawwe oan it ûndersyk, moat de earste pagina fan it boek lêze, want der binne aardich wat minsken dy’t neamd wurde meie. Prins is bliid mei de stipe, om sa in goed byld yn tekst en gefoel fan Tiny Mulder krije te kinnen. In taal fan leafde en ferset, neamt Prins it. Dêr sit de waarmte en de krêft yn, dêr’t sy al brieven skriuwend mei Alina Lupu fierder oer filosofearret yn har ûndersyk, dy brieven steane der ek yn.

De tinzen en observaasjes fan beide froulju jouwe ek in moai gefoel en ynhâld wer oer hoe’t sy it libben en wurk fan Tiny Mulder besjogge yn it ljocht fan de wrâld, it feminisme. It is tige nijsgjirrich om harren fyzje te lêzen en de wrâld troch frouljuseagen te besjen.

Yn it ramt fan de emansipaasje fan de Frysk taal, is har kar foar it Ingelsk ek logysk. Fan akademyske heechdravend taalgebrûk oant lytse gefoelige minsklike wurden, alles kinst deryn fine. Sawisa mei it Frysk as in moaie taal, is in taal fan poëzij, dat is op himsels ek al moai om sjen en hearen te litten oan minsken út bûtenlannen dy’t de Fryske taal net behearskje.

De oersetting fan it poëtyske Frysk nei poëtysk Ingelsk – sa-as yn Prins har ûndersyk yn boekfoarm te sjen is – jout oan de bûtenwacht oan dat Frysk it wurdich is om te behâlden en foaral ek ferspriede te bliuwen en libjend te hâlden. As ferset tsjin oerhearskjende talen mar ek foaral as opkomme fan de eigen identiteit en josels doarre te bliuwen. Dêr kin net faak genôch oer skreaun wurde, mei krêft en leafde.

Het bericht Poëtysk Frysk en josels doarre te bliuwen verscheen eerst op de Moanne.





Latest Images

Pangarap Quotes

Pangarap Quotes

Vimeo 10.7.0 by Vimeo.com, Inc.

Vimeo 10.7.0 by Vimeo.com, Inc.

HANGAD

HANGAD

MAKAKAALAM

MAKAKAALAM

Doodle Jump 3.11.30 by Lima Sky LLC

Doodle Jump 3.11.30 by Lima Sky LLC